
Omrop Fryslân
10.6K subscribers
Verified ChannelAbout Omrop Fryslân
Nijs út Fryslân yn it Frysk.
Similar Channels
Swipe to see more
Posts

Der binne sneontejûn sân auto's bekûgele mei iisblokken op de Sintrale As (N356) by Noardburgum. Dat meldt de plysje. Der binne noch gjin fertochten yn byld foar it smiten fan it iis fan de fytsbrêge Westersingel ôf. ▶️ https://omrop.frl/iDUs

Yn de súdeasthoeke fan Fryslân binne dit jier oant no ta mear as twahûndert skiep deagien, neidat se nei alle gedachten oanfallen wiene troch wolven. Dat binne der hast twa kear safolle as yn deselde perioade ferline jier. ▶️ https://omrop.frl/iDww

Feyenoord wol Robin van Persie oanstelle as nije haadtrainer. De hjoeddeiske trainer fan sc Hearrenfean soe fuortendaliks de stap nei Rotterdam meitsje moatte. Dat meldt Voetbal International. ▶️ https://omrop.frl/iDib

It is op inkelde plakken safier: der kin tiisdei riden wurde yn Fryslân. By Eagmaryp bygelyks, dêr stappe tsientallen minsken it iis op. ▶️ https://omrop.frl/iDwQ

Goeiemoarn!❄️ Hjoed wer in kâlde start en by de opkomst fan de sinne is it min 5-6 graden. Oerdeis geregeld sinne, 1-2 graden en by in matige en oan de kust frij krêftige (5) east- oant súdeastewyn fielt it kâlder oan. In moaie dei tawinske!

It is mar de fraacht oft der oer in pear jier noch behannelingen foar mage-, slokterm- en alfleisklierkanker binne yn Fryslân. De urginsje om de sikehûssoarch oars te organisearjen, wurdt hieltyd grutter. ➡️ https://omrop.frl/iDiZ

Moarn! Hjoed skynt de sinne earst noch troch de bewolking hinne, mar al fluch nimt de bewolking fierder ta en falt der somtiden lichte rein. De temperatuer rint hjoed hieltyd fierder op, oant 8 graden fan 'e jûn. Meitsje der in moaie dei fan!

Goeiemoarn. Ast de redens op wolst, hast hjoed noch in kâns ⛸️ De dei begjint op de measte plakken mei lichte froast. Mar troch de sinne komt de temperatuer om in oere as 11.00 boppe nul. De temperatuer giet úteinlik omheech nei sa'n 3-4 graden. In moaie dei tawinkse!

Op in plomfeebedriuw yn Skuzum is de fûgelgryp fêststeld. Der moatte 37.000 bisten romme wurde om fersprieding fan it firus foar te kommen. It is de twadde kear yn Skuzum yn koarte tiid. ▶️ https://omrop.frl/iDwe