
Omrop Fryslân
January 29, 2025 at 05:26 AM
Goeiemoarn Friezen! ☕
De dei begjint ûnlijich mei rein en in matige oant krêftige westewyn. 💨
Fan healwei de moarn ôf is it faker drûch mei soms romte foar de sinne. 🌤️ It is 6-7 graden by in fleagerige westewyn, dy't tsjin de ein fan de middei stadichoan ôfsakket.
Jûn is it noch drûch, mar yn 'e nacht berikt ús in nij reingebiet. 🌧️ It is dan 4-5 graden.
👍
❤️
🙏
20